over Mirjam

tekst: SIETSE DE VRIES - Leeuwarder Courant


Skave en slypje op in keammerke


Allegeduerigen transparant wêze en 'voortgangsgesprekken' fiere moatte, it foel Mirjam van Houten hieltyd swierder. Fiif jier lyn naam se ûntslach. No skriuwt se en tekenet se. Tije is har earste berneboek.


Mirjam van Houten (38) wennet mei man en dochter yn in frijsteand hûs op De Himrik, net fier fan boartersbosk Sparjeburd. It earste wat opfalt op it hiem fan de famylje is de grutte beamhutte efter yn 'e tún. Op it balkon steane in pear simmerstuollen, it meubilêr yn de hutte bestiet út wat âlde stuollen en in noch âlder buro.

In ynspirearjend plakje neffens Mirjam en soms sit se dêr ek echt te skriuwen. ,,Mar meast sit ik dochs gewoan yn 'e hûs. Ik haw in eigen wurkkeamer, dêr haw ik de romte om te tekenjen en te skilderjen. Ik ha gjin nocht om myn tekenspullen alle kearen nei de hutte te sleepjen. Myn man mei graach timmerje, dy hutte moast der gewoan komme.''

Se hat in oantal jierren as ynternetredakteur wurke by Partoer, in provinsjale organisaasje dy't gemeenten advisearret op it mêd fan soarch en wolwêzen. It wie, nei't se in oantal jierren by de Friesland Post wurke hie, har earste baan yn in wat gruttere organisaasje. Net sok raar wurk, allinne hat se noait oan de fergaderkultuer – eigen oan grutte organisaasjes - wenne kind.

,,Wêr bist mei dwaande? Hoe giet it? Hiest it net better oars dwaan kinnen? Wat is dyn folgjende plan? Alles watst diest, wie oerlis oer; koest noait dyn eigen gong gean. Ik waard dêr hiel ûnseker fan.''

,,Om de safolle tiid hiene wy wat gruttere gearkomsten dêr't fan elk ferwachte waard dat dy wat ynbringe soe. Mar ik wist noait wat is sizze moast, meast seine de oaren wol wat ik sizze wollen hie. Dan wie der altyd wol ien dy't sei: 'No ha wy Mirjam noch net heard. En ik kin wol sjen dat der fan alles yn har kopke omgiet.' Dan stie it swit my op 'e rêch.''

It brocht har de groepsopdrachten yn 't sin út de tiid dat se noch op skoalle siet. ,,Dêr hie ik ek sa'n hekel oan. Dan moasten wy mei in oantal minsken wat meitsje, mar hiest yn it begjin gjin idee hokker kant it útgie. Ek doe wist ik noait krekt wat ik sizze moast. Lit my mar moai allinne op in keammerke sels wat betinke en lit my dêr krekt sa lang op om skave en slypje oant ik tink dat it goed genôch is om der mei nei bûten te kommen.''



Knoopt trochhakt

It hat in moai skoft duorre ear't Mirjam van Houten rjocht yn 'e gaten hie dat dat lêste it bêste by har past. By har stúdzje Romaanske talen en kultuer yn Grins fersûpte se hast yn de grutte kolleezjeseal – ,,dêr wie ik echt ûngelokkich'' – en dêrom ferruile se dy stúdzje nei in jier foar in stúdzje Nederlânsk oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden. Doe't se nei twa jier kieze moast tusken de profilen 'onderwijs' en 'publicatie en presentatie' gie har foarkar út nei it lêste.

,,Ik haw myn staazje by de Friesland Post dien. Dat wie prachtich. Harry Ernst wie de iennichste redakteur, dat ik siet allinne mei him op in keammerke. Ik mocht alles dwaan: ynterviews, ideeën foar ferhalen betinke, stikken fan oaren neisjen. Doe't ik klear wie mei myn stúdzje, koe ik dêr in baan foar in pear dagen yn 'e wike krije.''

Nei seis jier ferruile se it wurk by de Friesland Post foar de fergaderkultuer fan Partoer. Se hold it der – it swit op 'e rêch sa no en dan - in pear jier út. Doe't se yn ferwachting rekke fan har dochter Linde hat se de knoop trochhakt en ûntslach nommen. ,,Ik tocht: dan moat ik aanst mei in lytse poppe thús werom nei Partoer. Dan moat ik my wer wiermeitsje, sil ik my hieltyd wer ôffreegje oft ik it wol goed doch. Dat woe ik net.''

,,Ik seach it boppedat net sitten om myn dochter nei de opfang te bringen. Wat ek noch meispile, is dat ik fyn dat ik it min ofte mear oan myn bern ferplichte bin om te dwaan wat ik echt wol. Ik wol har it goede foarbyld jaan. Ik leau deryn dat it goed is om wurk te dwaan datst leuk fynst en dêr'st goed yn bist.''



Roald Dahl

Se hat noch in skoft op freelancebasis foar blêden as Friesland Post, Heit en Mem en De Moanne skreaun, mar dat wurk foel yn kombinaasje mei in lyts bern thús net altyd ta. ,,Doe ha'k my ôffrege: wêrom doch ik net wat ik it alderleafste wol?''

,,As bern siet ik thús altyd te skriuwen en te tekenjen. Us heit en mem hawwe alles bewarre. Se hawwe de hiele brut lêsten fan souder helle, dat dy stiet hjir no by my. Skriften fol.''

,,Myn dochter is krekt sa. Ik stimulear it net – ik fyn dat in bern de frijheid ha moat om him te ûntjaan sa't it sels wol – mar ik fasilitearje it wol. At se om papier, ferve of in skjirre freget, wit ik net hoe gau't ik har dy bringe moat.''

,,Doe't ik in jier as tsien, alve wie lies ik in soad. Ik wie lid fan de bibleteek yn Beetstersweach, dêr hie ik op in stuit alle berneboeken foar myn leeftyd wol lêzen.''

,,Ik wit noch dat ús heit my op in jûn fan bêd rôp om't der wat op 'e televyzje wie dat ik fêst wol sjen woe. Ivo Niehe prate mei Roald Dahl en siet by him yn de skriuwershutte. Miskien is it doe wol begûn, dat ik tocht: dat soe ik ek wol wolle.''



Diet Huber

By eintsjebeslút hat Diet Huber miskien noch krekt eefkes belangriker foar har earste stappen op it skriuwers- en tekenerspaad west as Roald Dahl. ,,Ik wie in jier as tsien en ik lies De Teltsjebeam fan Diet Huber. Foar yn it boek stie it adres fan de Friese Pers Boekerij. Dêr ha'k in brief nei tastjoerd, ter attinsje fan Diet Huber. Ta myn ferbazing krige ik in skoftsje letter in lange, úttypte brief fan har werom. Dêrnei haw ik noch in pear kear oan har skreaun en altyd stjoerde se in brief werom.''

,,Dêrnei bin ik in kear mei ús heit en mem nei de boekemerk yn Drachten west. Dêr ferkochten skriuwers har eigen boeken. Diet Huber wie der ek, ik ha noch mei har praat. It wie in hiel gewoane frou. Doe't ik dat wist, tocht ik: miskien kin ik dan ek wol boeken skriuwe. By Roald Dahl wie dat dochs oars. Dy wie sa ferneamd, dat tinkst al gau: dat kin ik fêst net.''

Twa jier lyn frege de Afûk nije skriuwers en yllustrators foar it meitsjen fan It grutte foarlêsboek. Mirjam stjoerde wat ferhaaltsje en gedichten yn. De wurdearring fan de kant fan de útjouwer wie grut.

,,Myn man sei dat ik ek wat tekeningen opstjoere moast, mar dy fûn ik sels noch net goed genôch. Op syn advys ha'k it dochs mar dien. Dêr bin ik efterôf bliid mei. De tekeningen steane net allinne by myn eigen ferhalen, mar de Afûk hat my frege om ek noch in ferhaal fan ien fan de oare skriuwers te yllústrearjen.''



Plattelânsjonge

Nei oanlieding fan har bydragen oan It grutte foarlêsboek frege de Afûk Mirjam van Houten om ekris selsstannich in boek te meitsjen. Tije, bedoeld foar bern fan in jier as njoggen, tsien, giet oer in jonge dy't fan it plattelân nei de stêd ferhuzet, mar dêr yn earste ynstânsje gjin nocht oan hat.

,,It moast in boek wurde oer in jonkje fan it plattelân dat syn plakje yn de stêd fynt sûnder him folslein oan te passen. Earst is er bang en ûnwis, letter ûndekt er dat er mear kin as er sels tinkt en stiicht er boppe himsels út. It like my moai om dat proses sjen te litten.''

,,Doe't myn broer it lies, sei er: sa'n jonkje dat amper wat sizze doar yn in groep, der sit in soad fan dysels yn. Dêr wie ik my ûnder it skriuwen net fan bewust, mar doe't er dat sei tocht ik: it soe bêst kinne.''



Mirjam van Houten (Beetsterzwaag, 1977) heeft altijd een passie voor schrijven en tekenen gehad. Na een loopbaan als tekstschrijver, (web)redacteur en journalist koos ze in 2010 voor een bestaan als (kinderboeken)schrijver en illustrator. Ze maakte gedichten, verhalen en illustraties voor diverse verzamelbundels (waaronder Querido’s Poëziespektakel).


In 2016 verscheen haar eerste eigen boek, het Friestalige ‘Tije’, waarvoor ze zowel de tekst als de illustraties maakte. In 2017 bemachtigde ‘Tije’ een plek op de IBBY Honourlist, een internationale erelijst met jeugdboeken van uitmuntende kwaliteit.

Onderstaand een uitgebreid interview met Mirjam.  (Leeuwarder Courant, september 2016)







Over Mirjam


Hieronder vind je nog een link naar de website van Harke Hilboezen (mijn man). Hij maakt met herbruikbare materialen nieuwe meubels.